Fernielings yn Snits

04 jan 2007 - 11:49

Yn Snits binne it ôfrûne wykein by in skoalle oan de Griend tal fan saken fernield. By de sporthal fan de skoalle binne fytserekken út 'e grûn weiskuord en ophongen oan in basketbalboerd.

Fierders binne fan in needgebou fan de skoalle reinpipen en rollûken stikken makke. Ek is in gat yn 'e wand fan it needgebou slein. De plysje siket tsjûgen fan 'e fernielerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)