Fernielings yn maisfjild

06 okt 2010 - 09:52

De plysje ûndersiket fernielings yn in grut maisfjild by Wikel. Troch ûnbekenden binne ferskate paden yn it fjild achter it Balkster bosk makke. Ek binne in grut tal maisplanten op sa'n fyftich kante meter ôfsnien.

De plysje tinkt dat de fernielings oanrjochte binne tussen 22 septimber en begjin oktober. De plysje freget minsken dy't mooglik wat sjoen ha fan de fernielings har te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)