Fernielings yn Ljouwert

24 jan 2010 - 13:56

Yn Ljouwert binne sneontenacht in frou (17) en in man (23) út Niijewier en in man (19) út Burdaard oanhâlden. Se soene in reklameboerd fernield ha. Tsjûgen bellen 112 wêrnei't de plysje it trijetal oanhâlde koe.

Op de Wortelhaven yn Ljouwert hat de plysje fan sneontenacht fjouwer jonges (tusken de 15 en 18 jier) oanhâlden. Se hiene in heakkekrús op in parkearde auto ôfbylde en in rút fernield. Tsjin de fertochten is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)