Fernielings yn Ljouwert

27 sep 2006 - 10:54

In groep jongeren hat fan it wykein yn de wyk Heechterp yn Ljouwert in wenning oan de Wilgenstrjitte fernield en guod stellen. De groep hat de ruten yngoaid en de flieren beklieme mei shampoo en skearskûm.

Ek is der in tv, in mobile telefoan en in stereoset stellen. In tsjûge hie de jongeren dwaande sjoen en de plysje warskôge. Fan de groep fan tsien man is noch nimmen oanhâlden omdat der noch te min bewiis is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)