Fernielings yn De Greiden

02 okt 2007 - 09:56

Der wurdt de lêste wiken in soad fernield yn de wyk De Greiden op it Hearrenfean. Geregeld wurde yn de wykeinen nachts fan iepenbiere gebouwen de ruten ynsmiten. It giet dan ûnder oare om in skoalle en in fuotbalkantine.

Ek binne in tal auto's bekrast en binne de rutewissers fernield. De skea rint yn de tûzenen euro's. Omdat de plysje noch gjin idee hat wa't de dieders binne, wurde getugen socht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)