Fernielings yn Appelskea

12 feb 2006 - 16:27

Unbekenden ha snein in spoar fan fernielings achterlitten yn Appelskea. Sa waarden inkelde ruten stikken slein by in winkel op de Boerestreek en gongen blombakken oer de kop. Op in parkearplak waarden inkelde konteners omgoaid en ek waarden der fjouwer auto's fernield.

Op it Smidsleantsje gong in stien troch it rút fan in wenhûs. In túnbankje waard mei grof geweld fan de muorre lutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)