Fernielings troch 'bekenden'

17 sep 2012 - 12:38
  • De ravaazje wie grut by de Akkrumer tennisklup

De fernielers fan de tennisbaan yn Akkrum moatte bekend wêze mei it tenniskompleks. Dat tinkt Alex de Haan fan de feriening. De slotten fan de stekken binne net fernield, dat betsjut dat de fernielers achter de fuotbalfjilden lâns gien binne. Dat paad witte allinnich bekenden, seit de Haan.

Unbekenden hawwe yn de nacht fan sneon op snein de boel fernield op it tenniskompleks. Stuollen, tafels en blompotten leinen op de banen. Sels de jiske-amers binne lege. De skea is sa'n 1500 euro, in flink bedrach foar de feriening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)