Fernielings swimbad De Jouwer

23 maaie 2009 - 09:22
  • Guon waarmtekleden binne fernield

Der is yn de nacht fan freed op sneon foar inkele tûzenen euro's fernield oan de saneamde waarmtekleden fan swimbad De Stiennen Flier op De Jouwer. Der is yntusken oanjefte dien.

It fyftich meter bûtenbad kin no earst net brûkt wurde, want de kleden moatte op it bad lizzen bliuwe. Oars giet der tefolle waarmte ferlern. Ek soe der sneon in wetterpoloteam út Sweden yn it bad traine, mar dat kin no ek net troch gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)