Fernielings op It Hearrenfean

15 jun 2003 - 00:00

Op it Hearrenfean is yn de nacht fan sneon op snein in spoar fan fernielings lutsen. Yn De Van Goghleane en strjitten dêromhinne waarden planten, in fûgelhúske, ferkearsbuorden en in túnstek fernield.

In tsjûge seach dat twa jonge manlju de fernielingen oanrjochten. Doe't de plysje oankaam en de omkriten ôfsocht, wiene de dieders lykwols al nearne mear te bekennen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)