Fernielings oan EVT-boat

13 jan 2014 - 12:10
  • Fernielde doar yn De Spathoek
  • De klûs yn De Spathoek
  • Fearboat Spathoek fan de EVT

Fearboat De Spathoek fan de Eigen Veerdienst Terschelling (EVT) hat foar tûzenen euro's skea troch fernielings. Dat barde ein ferline wike, doe't de boat by de werf yn Harns lei. Ynbrekkers kamen deryn troch doarren te fernielen. Se besochten dêrnei in klûs iepen te krijen. Dat slagge net, mar de skea dy't oanrjochte waard, rint aardich yn de papieren.

De EVT sit yn in konkurrinsjestriid mei rederij Doeksen. Dy striid giet der sa hurd oan ta, dat it eilân yn twa kampen ferdield is. EVT-direkteur Erwin Rob hat oanjefte dien by de plysje.

Njonken de stikkene doarren hawwe de dieders ek besocht mei in fleks de klûs iepen te krijen en is der in poeierblusapparaat leechspuite. Mei fanwege dat lêste tinkt EVT-direkteur Rob dat it gjin tafallige dieders west hawwe, mar dat der mooglik rankune yn it spul is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)