Fernielings oan blauwe dyk

07 apr 2007 - 13:01
  • Alle ruten fan de auto binne ynslein

It keunstwurk op it Mûnein yn Drachten is doelwyt fan fandalen. De ruten fan de auto dy't dêr diel fan útmakket binne ynslein. Yn Drachten is in soad argewaasje oer it wurk fan keunstner Henk Hofstra. Oer in ôfstân fan in kilometer is de dyk blau spuite.

In auto is troch de helte seage, blau spuite en rydt sabeare it wetter fan de takomstige Drachtsterfeart yn. It keunstwurk kostet 75.000 euro. Dat fine in soad Drachtsters te folle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)