Fernielings by Goederenbank

02 des 2008 - 10:47
  • Fernielings by guodbankdepot

By de Goederenbank Ljouwert is foar tûzenen euro's oan guod fernield en stellen. Foar de tredde kear yn koarte tiid is ynbrutsen yn 'e tydlike opslachloads oan 'e Harnzerstrjitwei. Kompjûters binne stikkensmiten, doazen mei glêswurk op 'e grûn goaid, meubels stikkenwâlde, bêden fernield en matrassen en kessens iepensnijd. Ek waarden elpees troch de loads smiten en is der boartersguod fernield.

De Goederenbank is dêrtroch mear as de helte fan al it guod kwytrekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)