Fernielings en drugs

06 nov 2008 - 10:45

Yn Stiens is woansdeitenacht in man fan 37 jier oanhâlden, omdat er it rút fan in hûs oan de Wumkesstrjitte fernield hie. De minsken dy't it sjoen hiene, koene de plysje fertelle hoe't de man derút seach.

Op de Eekwerdlaan yn Boalsert is woansdeitenacht in man oanhâlden mei drugs op achter it stjoer. De plysje seach dat de man in joint siet te smoken. Hy hie ek twa pûdsjes wyt by him. By de man is in bloedproef ôfnommen en hy hat in rydferbod krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)