Fernielings boarterstún Harns

14 mrt 2009 - 14:58

Njoggen manlju tusken de 17 en 27 jier binne freedtemiddei oanholden yn Harns omdat se it stek fan de boarterstún oan de Prins Bernhardstrjitte fernielden. Ek waarden der konteners omsmiten.

In pear fan de manlju wiene ûnder ynfloed fan drank en drugs. De fertochten ûntkenne, mar de plysje seit dat der genôch bewiis tsjin de manlju is. Minsken dy't wat sjoen hawwe, kinne har noch melde by de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)