Fernieling yn natuergebiet

28 apr 2014 - 12:44
  • Cross-spoaren yn natuergebiet It Oerd op It Amelân
  • Richard Kiwiet fan It Fryske Gea op It Amelân

Unbekenden hawwe it ôfrûne wykein fernielings oanrjochte yn natuergebiet It Oerd op eastlik Amelân. Sy binne mei crossmotors of -brommers dwers troch dunen en dúnfalleien riden. Seldsume planten hawwe dêrtroch skea oprûn. Yn it gebiet fan It Fryske Gea binne no ek in soad fûgels oan it brieden en dy binne mooglik fersteurd.

Richard Kiewiet fan It Fryske Gea op It Amelân hat oanjefte dien. Hy freget minsken mei tips harren te melden. Net allinnich de natuer hat derfan te lijen hân, mar ek minsken dy't foar de stilte nei It Amelân komme.

Nei alle gedachten binne de crossers bewenners fan it eilân, seit Kiewiet. As dat sa is en as útfûn is wa't it binne, reitsje dy harren fergunning kwyt om op it strân te riden. Dat is ôfpraat mei de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)