Fernieling yn Drachten

22 feb 2009 - 14:27

In Drachtster (19) en in Grinzer (18) binne yn de nacht nei snein oanholden yn de HBS-strjitte yn Drachten op fertinking fan iepenlike geweldpleging.

In plysjeman seach trije manlju yn de Toerstrjitte rinnen. Ien fan de manlju pakte in stoepetegel en rûn nei in wenning, wêrnei't de plysjeman glêsgerinkel hearde. De manlju naaiden dêrnei út. Nei in efterfolging waarden twa fan har yn it Van Haersmapark oanholden. Ien man wist te ûntkommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)