Fernieling troch maskere manlju

06 feb 2004 - 00:00

Unbekenden hawwe tongersdeitenacht skea oanrjochte oan in bedriuw oan 'e Venekoterwei yn Easterwâlde. Tsjûgen makken melding fan trije maskere manlju. Doe't de plysje oankaam, wiene se lykwols poater. Achter it gebou wie it in ravaazje: in pear ruten leinen derút en der wie in muorke omsmiten.

Ut it bedriuw is neat stellen. De plysje hat yn de omkriten socht nei de maskere manlju, mar dy net fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)