Fernielers yn Snits pakt

22 sep 2013 - 12:39
  • Plysjejas

De plysje hat sneontenacht yn Snits sân jongeren oppakt foar fernielerij. Nei ûndersyk op it buro die bliken dat fiif fan har neat mei de fernielings te krijen hiene. Sy mochten nei hûs, de oare twa binne fêstset. It giet om in 21-jierrige ynwenner fan Enschede en in 21-jierrige man út Wageningen. Op it Kleinzand yn Snits hiene de twa blommen út plantebakken lutsen en ien fan de bakken meinaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)