Fernielers oppakt yn De Blesse

10 sep 2010 - 10:18

By in leechsteande pleats oan de Domeinenwei yn De Blesse hat de plysje tongersdeitejûn fjouwer mannen oanholden yn ferbân mei fernielings. De plysje wie warskôge troch tsjûgen, dy't seagen dat der in auto op it hiem fan de pleats stie.

De fertochten hiene in grut tal ruten fan de pleats fernield en graffity op de muorren spuite. It waard gau dúdlik dat se earder dy dei oanholden wiene yn in leechsteand pân yn Wolvegea. Dêr hiene se ark en koper stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)