Fernielers oanholden

26 sep 2009 - 14:15

De plysje hat freedtenacht nei in tip fan in tsjûge fjouwer Drachtsters fan 16, 17, 18 en 21 jier oanholden op fertinking fan fernielerij. De tsjûge seach dat de fjouwer op it Helmhout yn Drachten guod oan it fernielen wiene.

Der waard in reklamepeal yntrape en in boerd fan de muorre skuord. De tsjûge belle de plysje en folge ûndertusken de fjouwer Drachtsters en sa koe de plysje de manlju flot oppakke. Se binne oanhâlden en meinommen nei it buro foar ferhoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)