Fernielers De Westereen oppakt

18 jan 2012 - 10:32
  • Monumint Vaatstra

Yn De Westereen hawwe trije manlju tiisdeitejûn de ferljochting fan it Marianne Vaatstra monumint fernield. Tsjûgen seagen trije manlju dwaande mei it fernielen fan fytsen, billboards en de ferljochting fan it monumint. Sy bellen fuortendaliks 112 en koart dêrnei waarden twa fertochten fan 19 en 20 jier oanhâlden.

De 20-jierrige man wie tiisdei krekt frijkaam út de finzenis om't er him goed gedroegen hie. De tredde fertochte waard net fûn, mar syn namme is bekend by de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)