Fernielers begraafplak oppakt

29 jul 2009 - 10:07
  • Plysje hat fernielers oppakt

De plysje hat twa jonges (14 en 17) oanhâlden. Se wurde fan de fernielings fertocht op it Algemiene Begraafplak yn Wolvegea. De plysje is de twa op it spoar kaam troch tips. Yn de nacht fan freed 10 july op sneon 11 july waarden mear as 25 grêfstiennen fernield. Ek monuminten, blommen en blompotten waarden stikken makke.

De plysje hat de jonge fan 17 út Wolvegea tiisdei oppakt. De jonge fan 14, ek út Wolvegea, is woansdei betiid oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)