Fernielers auto oanhâlden

30 des 2009 - 10:33

De plysje hat tiisdeitejûn op It Hearrenfean sân minsken oanhâlden foar it fernielen fan in auto. De manlju fan tusken de 20 en 41 jier âld hiene op it Breedpaad in auto op 'e kant set. In tsûge hie dat sjoen en warskôge de plysje.

Dy fûn de groep yn in hoarekasaak oan de Munnikstrjitte. De plysje moast geweld brûke om alle fertochten oanhâlde te kinnen. Se binne oerbrocht nei it plyjsebruo. De eigneresse fan de auto hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)