Fernielerij yn nije Thalenpark

15 mrt 2012 - 22:29

Yn it nije Thalenpark yn Drachten is de lêste wiken foar hûnderten euro's fernield, ta grutte teloarstelling fan de gemeente Smellingerlân. Bankjes binne ûnder de ferve smard en muorkes binne fernield. In heal jier lyn gong it park wer iepen, neidat it foar 1 miljoen euro opknapt waard. Fan de dieders fan de fernielings is noch gjin spoar.

Yn de eigen gemeentlike krante - De Breeduit- wurde dizze wike tsjûgen oproppen, want Smellingerlân wol besykje de skea te ferheljen op de dieders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)