Fernielerij nei tefolle drank

13 jan 2013 - 10:41

Op It Hearrenfean binne fan 'e moarn twa manlju út Wolvegea en It Hearrenfean oppakt, fanwege fernielerij. De twa hiene nei in nachtsje stappen in spoar fan fernielings oanrjochte op de Van Dekemaleane. Foaral stekken en túnstekjes wiene har doelwyt. Mei ien fan de túnstekjes fernielden de fertochten in foardoar fan in hûs. In tsjûge seach it allegear gebeuren en belle de plysje mei in goed sinjalemint. Surveillearende plysjes seagen de manlju even leter op it Breedpad en koene har oanhâlde. Beide hiene tefolle dronken. Se sitte fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)