Fernielerij by Kanadamar

18 jul 2013 - 19:03

Unbekenden hawwe fannacht foar tûzenen euro's oan skea oanrjochte by de Kanadamar by Appelskea. Bankjes binne fernield, prullebakken út de grûn skuord en der binne brantsjes stichte. Neffens eigener Steatsboskbehear binne de dieders dreech te achterheljen.

De Kanadamar is mei it moaie waar in populêr swimplak. Jûns let sitte der noch tsientallen minsken. Dan is der lykwols gjin tafersjoch mear en dan wurde der wol faker lytse fjoerkes oanlein. Mar sa mâl as no is it noch nea gien, sa seit Steatsboskbehear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)