Fernielerij houtbedriuw oplost

24 feb 2011 - 10:30

Seis manlju út Grou en ien út Ljouwert binne oanhâlden foar fernielerij en stellerij by in houtbedriuw oan de J.W. de Visserwei yn Grou. Dat wie op twadde krystdei. De fertochten wiene oer it iis op it terrein kaam. Se hawwe brânblussers út in loads helle en leechspuite, en mei in scootmobyl en in heftruck oer it terrein riden. Mei dy heftruck binne pakken hout fernield. Fierders binne ek mobile tillefoans stellen. De manlju binne oanhâlden nei tips.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)