Ferneamde trompettist Eric Vloeimans jout les yn De Lawei

14 aug 2015 - 17:03

In grutte groep Fryske muzikanten hat freed in workshop krigen fan de ferneamde trompetblazer Eric Vloeimans. Vloeimans is in jazz-trompettist dy't oer de hiele wrâld optreedt. Hy wie freed op útnoeging fan Keunstwurk yn teater De Lawei yn Drachten.

Keunstwurk hat dêr dizze wike foar de twadde kear in simmerakademy opsetten foar jonge muzikanten. De hiele wike wienen der ferskate workshops fan profesjonals. Sneon trede de kursisten op yn De Lawei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)