Fermoarde man tsjûge misdriuw

02 feb 2004 - 00:00

De Snitser Sido van Loo dy't yn Yndia om it libben brocht is, is mooglik fermoarde om't hy tsjûge wie fan in oar misdriuw. Dat hat Gerard Jak, syn buorman yn Auroville, ferteld. Auroville is in stêd yn oanbou dêr't Van Loo sûnt tsien jier wenne.

Yn Auroville wenje sa'n 1600 minsken út 35 ferskillende landen. It plak is in idealistyske mienskip, dy't geregeld doel is fan rôfoerfallen. Yn de omkriten operearje twa bindes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)