Fermiste studinte noch net fûn

27 maaie 2011 - 16:45
  • By de sykaksje set de plysje ek in helikopter yn (foto's: Stjoerder.nl)
  • Wâldsein is de útfalsbasis foar de sykaksjes

De studinte (24) dy't sûnt tongersdei fermist is op de Sleattemermar, is noch hieltyd net fûn. De frou siet tongersdei mei noch 4 oare froulju en in skipper op in sylboat, doe't dy troch de hurde wyn omsloech.

De fjouwer froulju en de skipper koene út it wetter helle wurde, mar de studinte waard net fûn. De plysje hat tongersdei en freed de hiele dei mei sonarboaten nei de frou socht. Oant no ta sûnder risseltaat. Dêrom siket de plysje freed troch oant it tsjuster is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)