Fermiste siler noch net fûn

11 jul 2008 - 22:14

De siler dy sûnt tongersdeitenacht fermist wurdt op de Iselmar, is noch hieltyd net fûn. De sykaksje gong freedtejûn oant acht oere troch. It dregteam fan it KLPD hat mei trije boaten socht. Dêrfoar hat de Kustwacht mei in helikopter en sân rêdingsboaten it wetter ôfsocht.

Sneon wurdt fierder socht nei de drinkeling. Dan wurdt ek sonar-apparatuer ynsetten. De siler sloech tongersdei koart foar middernacht op 'e hichte fan Breesândyk oerboard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)