Fermiste siler meldt himsels

26 apr 2007 - 11:35
  • Helptsjinsten yn aksje, ôfrûne wykein, om de fermiste siler te sykjen

De siler dêr't de brânwacht ofrûne sneon de hiele dei yn Harns om socht hat, is fûn. It giet om in 38-jierrige ynwenner út Frjentsjer. Hy hat tiisdeitemiddei sels mei de plysje belle.

Ôfrûne sneon waard der by de Kanaalwei yn Harns in omsleine boat fûn. Dûkers fan 'e Harnser en de Ljouwerter brânwacht hawwe de hiele middei en jûn socht. Se hawwe lyskwols neat fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)