Fermiste reedrider ferstoarn

01 jan 2009 - 16:06
  • De fermiste rider is fûn (Foto: A. Zwart)

It stoflik omskot dat op de middei fan Nijjiersdei fûn is yn it iis fan de Grutte_Wielen tsjinoer Aquazoo is yndie fan de fermiste reedrider út Woerden. De man wie sûnt tiisdei spoarleas, neidat er te reedriden gien wie op de Ryptsjerksterpolder.

Tongersdeitemiddei waard syn lichem fûn yn it iis, neidat der twa dagen yntinsyf nei him socht wie. It wiene in pear reedriders dy´t him koene, dy´t it lichem fûn ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)