Fermiste motorrider fûn

18 jul 2006 - 15:55

De plysje hat moandei by de Olde Borchwei yn Muntsjesyl it stoflik omskot fûn fan in man út Houtigehage. De 60-jierrige man waard sûnt sneintemiddei fermist. Hy wie doe op de motor ôfset om in stikje te toeren. Omdat er net thúskaam, waard de plysje ynskeakele.

Hoe't de man om it libben kaam is, wurdt noch útsocht. Hy is yn alle gefallen fan de dyk rekke en mei de motor yn in greppel kaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)