Fermiste Marrumer wer teplak

06 maaie 2010 - 09:53

De fermiste Leroy van Genderen fan Marrum is wer terjochte. De jonge waard sûnt tiisdeitemidei fermist en de plysje rôp woansdei fia Burgernet de help fan it publyk yn om nei him út te sjen.

Mei troch it omtinken fia burgernet en de media waard de jonge woansdei werkend troch personeel fan in soarchynstelling. Sy skeakelen de plysje yn. Dy soarge dat de jonge wer thúsbrocht waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)