Fermiste man yn Ljouwert fûn

03 jun 2010 - 09:56

De fermiste 29-jierrige Reitze Jan Jillings út Grins is wer terjochte. Hy waard woansdei yn Ljouwert oantroffen. Sûnt 19 maaie libbe Jillings op strjitte. De Grinzer plysje hat him ophelle yn Ljouwert.

De plysje hie yn maaie in opspoaringsberjocht oer Jillings útgean litten. Hy koe mooglik ek yn Fryslân wêze. De Grinzer hat in ferstanlike beheining en wie fuortrûn. Dat die er wol faker, mar dan kaam er nei in pear dagen werom

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)