Fermiste man weromfûn

03 apr 2010 - 14:41

In fermiste man fan 86 jier út Ljouwert is tongersdeitemiddei werom fûn mei help fan Burgernetdielnimmers. De famylje fan de man hie him earder dy middei as fermist opjûn by de plysje. Syn sinjalemint waard trochjûn, wêrnei't in boargernetaksje opsetten waard. De plysje seach mei hûnderten dielnimmers út nei de man.

By de meldkeamer kamen meardere tillefoantsjes binnen fan minsken dy't de man sjoen hiene. Al gau dêrnei waard er werom fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)