Fermiste man weromfûn

22 des 2008 - 23:57

De man dy't moandeitejûn lange tiid fermist wie yn Ljouwert is wer boppen wetter. De 76-jierige ynwenner fan Ljouwert wie al sûnt fiif oere middeis net mear sjoen, neidat er nei hûs belle hie dat er mei de fyts fallen wie.

De plysje hat mei grut materieel nei him socht. Der waard ûnder oaren in helikopter mei waarmtesensor ynsetten. Dy moast hielendal fan Schiphol komme. Om goed 23.30 waard de man sûn en wol weromfûn by it Cambuurplein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)