Fermiste man wer thús

06 maaie 2009 - 15:03

De 22-jierrige Mark van Kammen út Twizelerheide is wer thús. De man waard sûnt sneintemoarn fermist. Dat melde de ynternetside fan Tros Vermist. Van Kammen soe in ôfskiedsbrief achterlitten hawwe.

Yn it bûtenlân hat de man út Twizelerheide syn mail neisjoen en dêrby siet in mail fan de famylje. Op basis fan de ynhâld fan dy mail is de man ôfrûne nacht wer thúskaam. Dat lit de plysje witte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)