Fermiste man net fûn

18 mrt 2010 - 15:41
  • De fermiste Adolf Mud
  • De haven fan Lauwerseach út de loft wei

De fermiste Adolf Mud is tongersdei net fûn yn it Lauwersmargebiet. De Drachtster wurdt sûnt begjin febrewaris fermist. De plysje giet derfan út dat de man himsels tekoart dien hat. Yn febrewaris is de auto fan de man oan de Grinzer kant fan it natuergebiet fûn.

Der is no mei in helikopter socht. De plysje wol ynkoarten mei speurhûnen yn boaten op 'e nij nei de fermiste man sykje. Se wolle him gau fine foardat it rekreaasjeseizoen begjint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)