Fermiste man blykt ferdronken

23 okt 2000 - 10:50

It stoflik omskot fan de fermiste Fokke van der Heide fan Surhústerfean is snein fûn yn it Prinses Margrietkanaal. In skipper seach him tusken Blaufallaat en Stroobos en warskôge de plysje.

Eefkes letter koe de brânwacht it lichem bergje. De plysje slút in misdriuw út. Van der Heide wie epilepsy-pasjint. Hy wie spoarleas sûnt 11 oktober.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)