Fermiste man (85) dea fûn

07 sep 2006 - 16:51

Dûkers fan 'e brânwacht en plysjeminsken hawwe tongersdeitemoarn oan it Baantjebolwurk yn Dokkum in stoflik omskot út it wetter helle. It giet om de fermiste 85-jierrige Tsjibbe Bouma.

Bouma wie snein yn depressive tastân fan hûs ôfset. Sûnt dy tiid wie der neat mear fan him heard. Der is gjin sprake fan in misdriuw, mar de plysje hat de saak noch wol yn ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)