Fermiste Lemster noch net fûn

14 jan 2006 - 11:41

De 28-jierrige man fan De Lemmer, dy't tongersdei fermist rekke op camping Scharsterrijn yn Boarnsweach, is noch altiten net fûn. De man ferdwûn wylst er op de camping oan it wurk wie en eefkes nei it húske gie.

De plysje hat tongersdei al drecht yn it wetter om de camping hinne en freed is der fierder socht, mar dy syktocht hat neffens de plysje noch neat opsmiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)