Fermiste Kus is terjochte

13 maaie 2004 - 00:00

De 34-jierrige fermiste Bulent Kus fan Ljouwert is terjochte. De man soe op 24 april nei de moskee oan it Fliet, mar is dêr nea oankommen. Neifraach by famylje en kunde smiet neat op.

Kus wie in dei earder neffens de Islamytyske tradysjes troud mei in Nederlânske frou. Dêrfoar hie er in swalkjend bestean. Yn 'e media hearde Kus dat er socht waard. Hy siet yn in dakleazehûs yn East-Nederlân. It giet goed mei him.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)