Fermiste klokken wiene der nea

15 des 2008 - 16:59

De trije klokken fan de klokkestoel by begraafplak Wâldhôf yn De Pein binne net ferdwûn. Se hawwe der gewoan noait hongen. Dit wykein waard alaarm slein dat de klokken op mystearjeuze wize ferdwûn wiene.

It soe de twadde ferdwining yn koarte tiid wêze yn Smellingerlân. Ferline wike ferdwûn al it stânbyld fan Peije út de gemeentlike opslach. Yn De Pein liket it net om in âldjiersstunt te gean omdat de klokken der noait hongen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)