Fermiste jonkjes ferdronken

01 okt 2004 - 10:28

Twa jonkjes út it azc fan Harns binne woansdei ferdronken yn de Boalserter Feart by de stêd. It giet om in 5- jierrich Somaliërke en in 4-jierrich Irakeeske. De jonkjes binne nei alle gedachten by it boartsjen yn it wetter fallen. De iene waard al gau fûn troch in foarbygonger. Nei de oare waard oant jûns let ta socht. Twa pelotons ME en tsien dûkers sochten yn it wetter. De bewenners fan it azc holpen ek mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)