Fermiste jonge weromfûn

10 nov 2010 - 21:29

Der hat woansdei in syktocht west nei in fermiste jonge fan 19 jier. De jonge is autistysk. Om healwei fiven hinne wie er fuort fytst fan it bungalowpark yn Sondel. Dêrnei wie er net mear sjoen. Woansdeitejûn hat de plysje fia in burgernetaksje frege om nei de jonge út te sjen. Dat smiet neat op.

Uteinlik hawwe plysjes him om goed healwei njoggenen weromfûn tusken Sondel en Wikel. Hy is doe werom brocht nei syn âlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)