Fermiste jonge wer teplak

21 mrt 2012 - 15:18
  • Burgernet

It jonkje fan sân jier dat woansdeitemiddei yn Ljouwert kwyt wie, is wer fûn. Dat meldt de plysje. De jonge wie lilk fuortrûn fan de skoalle foar spesjaal ûnderwiis oan de Wilaarderburen. De plysje sette in boargernetaksje op om it sinjalemint fan de jonge te fersprieden. Ien fan de dielnimmers fan boargernet koe de jonge werom en warskôge de plysje. De jonge stie op dat stuit by in sleat. Hy is wer by syn âlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)