Fermiste jonge fûn mei twitter

05 okt 2010 - 10:00

De plysje hat moandei twitter ynset om in fermiste 16-jierrige jonge út De Jouwer te sykjen. De jonge wie oerstjoer fuortrûn fan hûs. Syn heit en mem skeakelen al gau de plysje yn omdat se harren soargen makken. Omdat it Burgernetsysteem noch net aktyf is yn de gemeente Skarsterlân, waard in berjocht ferspraat op twitter.

Plysjes yn 'e omjouwing hawwe ek nei de jonge útsjoen. Se fûnen him deselde jûn en hawwe him thúsbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)