Fermiste Joel van Bekkum yn goede sûnens weromfûn

17 mrt 2016 - 09:58

De fermiste Joel van Bekkum fan Surhústerfean is wer terjochte. Hy is ôfrûne nacht by syn âlden yn Scheemda oanrinnen kaam. Dat meldt de plysje fan Grinslân. Hy mankearre neat.

De 37-jierrige Van Bekkum wie sûnt tiisdei fermist. Doe gie er ûnder soarchlike omstannichheden fuort yn syn auto. Dy waard woansdei werom fûn yn Winschoten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)